Leeuwarder Courant

Dit was de weblog Statenjacht van LC-verslaggever Jan Arendz over het provinciebestuur van Fryslân. Tegenwoordig blogt hij op janarendz.nl.

Contact: janarendz@home.nl

woensdag 30 november 2011

Statenleden weer thuis

Onze statenleden zijn vanmorgen weer 'thuisgekomen' in de historische statenzaal aan de Tweebaksmarkt. Dat wil zeggen: 6 van de 43 statenleden. De rest was namelijk nog geen statenlid toen de provincie vijf jaar geleden - tijdelijk - naar de Snekertrekweg vertrok.

Drie van de vijf gedeputeerden hadden er toen ook al een politiek functie: Tineke Schokker, Hans Konst en Johannes Kramer. De statenleden lijken klein in de hoog geplaatste statenbankjes. En gedeputeerden op de tweede rij zitten verscholen achter de rugleuningen van die op de eerste rij.

Ook door de dikke pilaren is lang niet iedereen zichtbaar op de publieke tribune beneden. Boven is het beter geregeld, want hier hangt een beeldscherm van de livestream op internet. Vast kinderziektes. Net als de storing van de geluidsapparatuur (op de foto krijgt de microfoon van CdK John Jorritsma een nieuwe batterij). En er ontbreekt nog een portret van koningin Beatrix.

De commissaris stond voorafgaand aan de vergadering uitgebreid stil bij de geschiedenis van het politieke centrum van Friesland. En bij de toekomst, want hij maakte bekend dat er voortaan elektronisch wordt gestemd. Hoeft statengriffier Alwin Oortgiesen geen opgestoken handen meer te tellen.


Lees hieronder de toespraak van Jorritsma:
Toespraak opening Statenzaal, Leeuwarden 30 november 2011
Bêste steateleden, acht kolleezje, achte oanwêzigen,

Wolkom yn it hûs fan de provinsje, wolkom yn de steateseal. Dit is it klopjend hert fan ús provinsjale demokrasy. Dit is ús histoarje. En dit is it begjin fan ús takomst.

Wer we mear as fiif ieuwen sintraal bestjoer ha yn Fryslân, is dizze seal noch net sa âld. Ein njoggentjinde ieu is besletten om hjir in eigen seal foar de gearkomsten fan Provinsjale Steaten te bouwen. 120 jier ferlyn is dat wurk oanbestege, foar it bedrach fan 90.586 gûne. Fiif jier letter wie it wurk klear. Op 3 maart 1896 wie hjir de earste gearkomste.

Kommissaris fan de Keninginne Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten joech oan dat dizze seal ,,een schoon en doelmatig geheel’’ wie, met ,, een rijke versiering’’.  De seal makke neffens him ,,een aangename indruk’’. By de foarige restauraasje dy yn 1984 klear wie, helle Kommissaris Hans Wiegel de wurden fan Van Harinxma thoe Slooten oan. Dat doch ik no ek graach. Ik bin it mei beide hearen iens: it kin der mei troch, sis ik op syn Frysk.
Wer stean no al de skilderingen foar dy’t jimme hjir sjen? Lit ik se even by lâns gean. Earst de tolve bôgefinsters. Derop stean alle geaen, gritenijen en de âlve stêden. Earst hjir rjochts Eastergea, Westergea en de Sânwâlden, op de trije ruten derneist de âlve stêden en op de oare finsters de gritenijen.

It houten plafond is ferparte yn 72 fakken. Dêryn fine jo de nammen en blazoenen fan de Fryske geslachten fan pommeranten.
Efter mei sjogge je boppe-oan it Rykswapen. Dêrûnder it âlde en nije wapen fan Fryslân en de Latynske spreuk ‘Eendracht maakt macht’. Der boppe sjogge we fjouwer taferelen út de Fryske skiednis en dêr boppe de acht deugden. Oan de oare kant sjogge we boppe de tribune trije Fryske siswizen: Wierheit boppe al. ’t Is mei sizzen net te dwaan. En Dy folle praat, moat folle wiermeitsje. Dêr tusken noch twa froulju: Goederjouskens (Vrijgevigheid) en Kloekens (Spaarzaamheid).

Al dizze bylden en siswizen binne it symboal fan  de Fryske Mienskip. Elk moat wat fan him weromfine kinne yn dizze seal. Dermei past dizze seal geweldich yn dit gebou. Want wat wie ek alwer de fisy fan arsjitekt Sjoerd Soeters? Mei-inoar ien.
Achte oanwêzigen. Dit is net allinnich in seal dy uterlik de Fryske histoarje sjen lit. Hjir is yn die 115 jier fansels ek histoarje skreaun. Nimme we bygelyks it Frysk. Ik brûk dat no, mar dat wie hjir in ieu ferlyn net fanselssprekkend. It steatelid Sjouke de Zee fan de SDAP besocht it, mar Kommissaris Van Harinxma thoe Slooten ferbean it. Frysk yn de iepenbiere gearkomste wie taboe.

Dizze seal is meardere kearen opknapt. In 1950 wie in besite fan keninginne Juliana en prins Bernhard oanlieding om de wanden en it plafond op nij te beklaaien en te beskilderjen.  Der kaam in nij read kleed op de flier en klapstuoltsjes op de publike tribune.

Begjin jierren tachtich wie de seal opnij oan in opknapbeurt ta. Neist in grutte restauraasje kaam der better ljocht, en bettere fentilaasje. Mear plak foar steateleden, fraksjemeiwurkers, it publyk en de parse, ynterrupsjemikrofoans en in lûdferbining mei de parsekeamer.
Dizze kear is alles wer yngreven oanpakt, sûnder grutte feroarings.
We ha – om monumintale redenen – noch hieltiten 52 stoelen foar PS.
Mar, sa as alles yn de polityk, wichtiger as de foarm is de ynhâld. Ek al krijt de foarm bytiden de measte oandacht. Wer hawwe se it yn dizze seal oer hân?

Ik sil jimme gerêststelle: ik nim net alle besluten troch. Alteast, dat is mei nammen foar it part foar de Twadde Wrâldkriich net sa dreech. De provinsje hie in beheindtal taken en gjin jild. Ekstra saken koe de provinsje betelje fan de winst fan it Provinsjaal Elektrisiteits Bedriuw. Sa folle is der dus net feroare.

Der wie ien gearkomste yn de winter en ien yn de simmer en sa no en dan in ekstra gearkomste. It gie oer subsydzjes en oer de oanlis fan kanalen. Krisisbestriding yn de jierren tritich wie bygelyks gjin taak foar de provinsje, mar foar it Ryk.

De beheinde rol fan de provinsje betsjutte net dat der gjin animo wie om yn de Steaten te kommen. Yn dizze seal ha grutte namen jierrenlang aktyf west. Pieter Sjoerds Gerbrandy hat hjir alve jier steatelid en deputearre west. Tagelyk hie er ek noch syn praktyk as jurist.
Dat kaam ek wol goed út, want Gerbandy koe sa sels it pleidoai út namme fan de provinsje by de Rie fan Steat hâlde tsjin de gemeente Ljouwert. Hy wie it net iens mei in subsydzje fan 11.500 gûne oan in symphony-orkest. Finansjeel ûnferantwurde belied, fûn Gerbrandy, as oppasser oer it finansjeel belied fan gemeenten.
In oare grutte namme wie Hendrik Pollema, dy as deputearre it Woudagemaal by de Lemmer regele. It grutste gemaal fan Europa.

Anne Vondeling hat koart yn de Steaten sitten. Dieuwke de Graaff-Nauta hat hjir 22 jier steatelid en deputearre west. Dernei wie se steatssiktaris en minister. Sa hie eltse partij wol syn pommeranten. De hear Falkena naam yn de jierren fyftich ôfskie nei 42 jier steatelidmaatskip foar VDB, PvdA en VVD. Hy wie tachtich jier. Yn dy tiid wiene steatelid gemiddeld 57 jier âld en deputearren 60 jier. Hoesa fergrizing?

Nei de oarloch namen de taken fan de provinsje ta, mei tank oan feroaringen yn de provinsjewet. We krigen mear te sizzen op it mêd fan wurk en romte. Mar we sochten ek mear taken: Yn 1950 tsjinne twa kommunistyske steateleden in moasje yn om Nederlân te twingen út de NAVO te stappen fanwege de oarloch yn Korea. It útstel helle it net.
Yn 1966 stimden 42 steateleden foar en acht tsjin in daam nei it Amelân. We wienen foar in proef mei kearnenerzjy.
Der wie hjir grutte twariedigens oer in stânbyld foar Troelstra yn Ljouwert. In soad steateleden wiene tsjin, fanwege Troelstra syn revolúsje út 1918. Dochs wie der krekt genôch stipe.

We hawwe ek grutte besluten nommen. Meibetelje oan it ôfsluten fan de Lauwerssee, ekonomyske plannen tegearre mei Grinslân en Drinte, de weryndieling fan 1984, de plannen foar natuer en lânskip, de grutte diken, de akwadukten, de Fryske marren, de plannen foar heger ûnderwiis, foar it leger ûnderwiis, Thialf; sa kinne we noch wol efkes troch gean.

We dogge mear as subsydzjes jaan en kanalen oanlizze, we dogge mear as in ieu ferlyn. Dogge we net te folle? Dat is no de diskusje. En as we alles dwaan wolle, hawwe dêr dan it jild foar?

Útgongspunt moat neffens my wêze: hoe betsjinje we as oerheid – provinsje, gemeenten en wetterskip - de ynwenners fan Fryslân it bêste en it effisjintst. Gjin wite flekken, gjin dûbel wurk.

We moatte tegearre wurkje oan bestjoerskrêft, lykas in advys fan de Raad voor het Openbaar Bestuur ferline wike oanjoech. Dat advys gong oer gemeentelike gearwurking. Mar ik kin neffens mei ek jilden foar alle oerheidsgearwurking yn in regio.

Dy plannen ha we hjir al Dat neame we de koöperaasjegedachte. Dêr binne we twa jier ferline ek mei dwaande west, tegearre mei de gemeenten. Dêr leit neffens mei ek de basis fan effisjint bestjoer, sûnder wite flekken, sûnder dûbel wurk. It is wat hjir stiet, al 120 jier efter de stoel fan de Kommissaris: Concordia res parvae crescunt. Eendracht maakt macht.

Ek moatte we iepen stean foar lûden út de Fryske Mienskip. Net tinke fan: oer fjouwer jier is it wurd foar ien dei, de ferkiezingsdei, wer oan de ynwenners. We moatte witte wat de minsken wolle. Net om harren te ‘pleasen’ mar om de bêste besluten te nimmen.

We binne transparanter wurden. Us gearkomsten gean live de wrâld oer. We gean hjoed – earst as proef – elektroanysk stimme. We stean streekrjocht yn kontakt mei twitteraars.

We moatte tegearre mei de minsken beslute. We moatte sjen litte wat we as oerheid dogge en wêrom. Provinsjale Steaten is net yn it foarste plak in beslútmasine. Provinsjale Steaten is de plak wêr we beprate wat we dogge en wat we net dogge. Wêr de ynwenners folgje kinne werom we hokker besluten nimme. Dat dogge we sûnt dizze ieu yn in duaal bestel. Dat betsjut minder efterkeamerkes en mear debat.

Krekt yn in tiid wer de oerheid taken krijt en ôfstjit en besunigje moat, moat it dúdlik wêze werom we wat dogge. Dat dogge we yn dit gebou, mar dat moatte we ek dêr bûten dwaan. It is in ûnderwerp wer we it fuortendaliks nei de ferkiezings oer iens wienen. Hup, de provinsje yn. Minder fergaderje, mear yn petear mei de minsken. Dogge we dat no genôch? Moatte we ús wurkwize feroarje. Doare we dat?

Dit gebou is it gebou fan mei-inoar ien. Dizze seal is de seal fan mei-inoar ien. Mar de minsken moatte harren net allinnich werkenne yn de tolve bôgefinsters en de 72 fakken yn it plafond. De ynwenners moatte harren ek werkenne yn ús, yn de folksfertsjinwurdigers. Allinnich dan is dit it gebou fan mei-inoar ien.

Litte we fan dit hûs fan de demokrasy it feest fan de demokrasy meitsje. De balseal – sjoch om ús hinne - hawwe al.

Ik winskje jimme as steaten yn jimme eigen seal in prachtige tiid. Ik winskje Deputearre Steaten as fêste gasten hjir in prachtige tiid en ik winskje de minsken op de tribune in prachtige tiid. Litte we - lykas de ynset wie fan de boubedriuwen, stoffearderij Veldhuis en de skilders fan Noordhoek en Tijtsma  – hjir soargje foar in perfekte harmony tusken foarm en ynhâld. Concordia res parvae crescunt. Eendracht maakt macht.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten