Leeuwarder Courant

Dit was de weblog Statenjacht van LC-verslaggever Jan Arendz over het provinciebestuur van Fryslân. Tegenwoordig blogt hij op janarendz.nl.

Contact: janarendz@home.nl

woensdag 21 september 2011

Tijd voor statenleden

Terwijl de statenleden zich vanmiddag bogen over 'zijn' uitvoeringsprogramma hing Sjoerd Galema al in de lucht op weg naar Moskou. Typerend voor de vertrekkend gedeputeerde, vindt statennestor Annigje Toering.

Tegenover alle mooie woorden die commissaris John Jorritsma vanochtend sprak - en die vergaderboer Sjoerd zelf bezigde - staan kritische noten van statenleden. Die verwoordde Toering in haar toespraak. ,,Somtiden wie Sjoerd in wat nonsjalante bestjoerder dy't lak hie oan de steaten of de kommisje.''

Lees hieronder de speeches van Toering en Jorritsma.


Taspraak Annigje Toering by it ôfskied fan Sjoerd Galema

Tolve en in heal jier hat Sjoerd aktyf west yn it provinsjehûs: earst as steatelid, doe as kommisjefoarsitter LLW en de lêste perioade as deputearre en loko-kommissaris.


De útslach fan it CDA by de lêste ferkiezings yn maart ll. Hat fan gefolgen dat deputearre Sjoerd Galema syn favorite portefúljes yn it kolleezje net werom kriget. Dat hat him bot rekke. De finansjeel ekonomyske domeinen, dêr ’t er as boer sels ut fuort kommen is en dy’t er ken as syn jasbûse, rekket er kwyt. Tiid foar wat oars, in nije útdaging.

Kenmerkend foar Sjoerd is – fan begjin ôf oan – syn opmerklike eigen wize fan optreden. Undiplomatyk neffens guon, wars fan struktueren, mei boere nofterens benadert hy de ûnderwerpen yn kommisje en Steaten.

Sa bart it dat by it behanneljen fan de p en c syklus, dan noch oan ‘e Twibaksmerk, Sjoerd as finansjeel wurdfierder fan it CDA, it kolleezje en syn partijgenoat Jan Ploeg fûl oanpakt. Net iens bot ûnderboud hat er wol in dúdlike miening oer de besunigingen. Beret pakt er ut. Hy sprekt dêrby de histoaryske wurden dat “dat it kolleezje de besunigingen by de steaten oer it skut nukt. En dat hy se by dizze werom nukt”.
No wie Jan Ploeg ek net foar ien gat te fangen, mar Sjoerd bleau konsekwint op dyselde lijn sitten en konfrontearre DS dêr letter wer mei.

Mei Anita hat Sjoerd altyd wat in haat-leafde ferhâlding hân. Yn syn earste perioade as steatelid al, mar letter ek doe’t Anita deputearre wie.
By de ferkiezingen yn 2007 spant it der om wa’t de grutste partij wurdt; CDA of PvdA. Wa’t dy jûns let nei de útstjoering fan Omrop Fryslân op bêd giet, hat it tinken dat de PvdA wûn hat. Mar letter by it neitellen docht bliken dat it CDA dochs mear stemmen hat. Sjoerd moat no it foartou nimme en is it gau iens mei de PvdA. Hy en Anita sille tegearre op arbeidzje by de ûnderhannelingen, want der is sprake fan echte gemy tusken dy beide. Noch nea hearden wy sa faak it wurdsje gemy as doe. Mei de ChristenUnie giet it kolleezje úteinlik oan de slach.

Sjoerd is de deputearre, dy’t fynt dat der net altyd genôch ambysje is, hy hat wat dat oanbelanget it hert op ‘e tonge. Temin ambysje mei it ferfier oer ’t wetter, te ambysje by de gemeenten. Neffens him is it allegear jild en tabak by de provinsje, dus grutte ambysjes, grutte projekten. It jild moat wurkje foar Fryslân. Mei Piet Adema hellet hy it RSP en REP jild binnen foar ynfrastruktuer projekten. Ek driget er organisaasjes de subsydzje te ûntnimmen at se dwerslizze wolle. Kening Sjoerd heart men dan wol gauris sizzen.
Sjoerd hat altyd de man west, dy’t wat fûn en dy’t ek fûn dat dat dan dakliks gebeure moast.

De tiid sil it leare, oft syn tinken effektyf west hat. Wat yn elk gefal wol slagge is, is de ferkeap fan de Nuon oandielen, in ferkeap dy’t op gong brocht wie troch syn foargonger Jan Ploeg, dy’t ek de Falcon konstruksje ûntwikkele hat. Sjoerd syn wurden oer dy aksje: “At jo in ko ferkeapje kinne, dan kinne jo Nuon ek ferkeapje!”

Sjoerd is ek de man dy’t altyd de mûle fol hie fan merkepartijen. By ús kamen dan bylden op fan keatsen en feest op ‘e merke. En mei Sjoerd op ‘e kermis mei in gleske bier yn ‘e hân. Mar hy bedoelde fansels de echte merk..

Somtiden is hy in belutsen deputearre, dy’t der foar de folle 100% foar giet, mar somtiden ek in wat nonsjalante bestjoerder dy’t lak hat oan de Steaten of de kommisje. In man ûnder de gearkomsten mei de gedachten soms hiel ergens oars is. In deputearre dy’t in seal fol plattelânsfroulju leaver taspruts as de Steaten. In man dy’t mei de frou nei in konsert moast of in jierdei besite thús hie en dus mar net kaam by de kommisje. Yn jannewaris skeelde it net folle of Sjoerd hie de ein fan de kolleezjeperioade net helle. Djip troch it stof moast er.

Mar at Sjoerd der is en hy sit op ‘e praatstoel, dan besiket er tûk de kommisjeleden foar syn ideeën te winnen.
Sa krijt in kommisjelid yn de lêste kommisje oer breedbân op de konklúzje, dat wat de deputearre no seit wol hiel bot ôfwykt fan de earder kar foar scenario 2, it antwurd: “Yn ien scenario kinne 4 scenario’s byinoar komme”. Deputearre Sjoerd ta de fuotten út.

Yn de ynformele sfear is Sjoerd in alderaardichst persoan, dy’t goed nei minsken harkje kin en faak besiket ta goede oplossingen te kommen.
Ek bûten de Steateseal is Sjoerd in joviale, freonlike man. Noflik en noait út op konflikt, mar in freon.

Sjoerd is altyd ticht by himsels bleaun, in syn hannelswize en yn syn taalgebrûk.. Noch altyd de boer yn it pak, de strik foar en baas op eigen hiem. Grut fan stal en ûngelooflik Frysk en mienskipsman yn ieren en sinen. Meastentiids de kop heech en de eagen wat heal tichtknypt. Sa sjocht er it hear oer, sjocht er hoe’t it lân der hinne leit. Skerp en altyd op syn iepenst. Hjoed nimt er yn styl ôfskie: at de steaten it – ek syn – útfieringsakkoart behannelje, sit Sjoerd al yn it fleantúch op wei nei Ruslân.

Sjoerd, út namme fan de Steaten wol ik dy tank sizze dat wy in stikje yn de tiid mei dy oprinne mochten. Wy winskje dy yn dyn nije baan by Campina in geweldich soad súkses ta.

Tankewol.

Taspraak John Jorritsma 21-09-2011
Achte oanwêzigen, bêste Sjoerd, bêste Wilma,

Sjoerd, sa krekt haw ik earst even sjoen wat foar klean asto oan hast. Want klean meitsje de politikus, dat wie oan dy te sjen. Wie der in debat wer it dreech wurde koe foar dy, dan hiesto in fleurige strik om.  ,,Om de minsken ôf te lieden’’, seisto dan. Mei in spikerbroek en in jaske makkest dúdlik: hjir stiet Sjoerdje het boertje, sa asto dy sels wol neamst.

Sjoerdje het boertje, mar wol ien fan hast twa meter. Dêr hawwe it ferline wike yn de lêste kolleezjegearkomste ek noch oer hân. Do bist twa meter ûnfersetlikheid, twa meter belutsens, twa meter ynset, twa meter grutsk op Fryslân, twa meter boeresnoadens, twa meter berikberens, twa meter CDA mar ek twa meter emoasje en twa meter hert op de tong.

Sa sietsto yn it kolleezje, mar ek acht jier yn de steaten. Yn 2007 wiesto listlûker foar it CDA. It CDA kaam as grutste partij út de ferkiezings.  Dat joech dy de mooglikheid om dyn favorite portefúlje te kiezen: ekonomy en finânsjes. Dêr lei dyn hert. Dat wie dyn pretpakket. Dêr hasto dy fjouwer jier foar ynsetten. Mei de Nuon-ferkeap as ien fan de hichtepunten. Do hast de kas fan de provinsje spekt. Dat jout ús Pake- en Beppe-jild wêr we generaasjes lang wille fan hawwe sille.

Dochs wie it net allinnich it grutte jild of de grutte ekonomyske saken. Ferline wike wiesto te sjen yn in filmke oer de millenniumprovinsje. In inisjatyf dat net allinnich ús eigen provinsje op ferantwurde wize foarút helpet, mar ek fan grutte betsjutting is foar minsken yn de tredde wrâld. Dat is ek Sjoerd.

It wie net allinnich it deistige wurk. Do joechst ús provinsjaal bestjoer mei in gesicht. Dúdlike taal, kontakt mei de gewoane man en op en top Fries. Do wiest, skriuw de krante, de kening fan Fryslân. No moatte we net alles leauwe wat yn de krante stiet, mar it jout oan datsto net ûnsichtber wiest.
Út in enkête fan Binnenlands Bestuur die earder dit jier bliken datsto ien fan de bekendste deputearren wiest fan Nederlân, flak foar Piet Adema.
Do bist begûn yn in kolleezje, wêr ek Piet Adema en Anita Andriesen diel fan út makken. Do bist de lêste fan dy trije boechbylden dy’t we no kwytreitsje. Dat is spitich foar de werkenberens fan it provinsjaal bestjoer. It jout de nije generaasje in ekstra opdracht wer we it yn de earste gearkomste fan de nije steaten ek oer hân ha: gean nij bûten, siikje kontakt mei de minsken. We rêde it net op troch allinnich yn bestjoerlike kringen te ferkearen.

De dúdlike taal sille wy hjir ek net gau ferjitten. It joech sa no en dan oanlieding foar ekstra debatjes hjir. Mar do wiest foar elkenien te folgjen. Twa meter dúdlikens.

Ek foar in Kening is it net altiten feest. Dat hasto dit jier ek meimakke. It wie gjin noflik earste heal jier. It CDA hat ek yn Fryslân in pak op de donder krigen. Gjin lean nei wurkjen foar dy. Dat wie pynlik, mar dat heart ek by polityk.

Dochs leau ik net dat dat de oarsaak is foar dyn ôfskie. Dyn hert leit yn it foarste plak by Wilma, by de buorkerij en de boerewrâld. As dan sa’n funksje as by ien fan de grutste molkfabriken fan de wrâld lâns komt, moast it gripe. Fan boerejongen oant boerebaas.
Boppedat bist dan faker thús. Dat is wol sa noflik, ek foar Wilma. Wilma, do tochtst datst in man hiest mei in berop wêrby hy foaral op it eigen hiem om buorket. Mar de lêste fjouwer jier wie Sjoerd oeral oan it wurk, mar hast net op it eigen hiem. Wilma, do hast Sjoerd no werom.

Sjoerd, do hast dy tolve jier ynsetten foar de Fryske mienskip. Dêr binne we dy tankber foar. Do silst dy no ynsette foar de boeren, ek út Fryslan. Derfoar hast genôch pompebledsjes yn it bloed. Wer we by Vitens 750.000 oandielen keapje om wis te wêzen fan genôch sizzenskip, sil dat by Friesland Campina net nedich wêze. In bettere fertsjinwurdiger as dy kinne de Fryske boeren net krije.

Ferline wike woansdei hiene we it steatesilen. Do hast wûn. In moai slot. Mar ûnferjitlik wie de lêste edysje fan de Friso-bokaal, trije jier ferlyn. Dyn skûtsje sloech om. Do rekkest yn it wetter. De skrik by elkenien wie grut. Yn de krante wie dyn kommentaar te lêzen: Ik wie oant de sek ta wiet. Dat is net diplomatyk, net polityk korrekt, mar wol dúdlik. Typysk Sjoerd.

Oant sjen!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten